Gedicht: Underwrâld | Elske Kampen
Aldtsjerk
Een gedicht van Elske Kampen, geschreven in het Fries. Dit is een gedicht uit een reeks van gedichten die bij de ijsbanen van de Iisbaankeunstrûte horen.
Hier schon mal ein Vorgeschmack
Bekijk hier het gedicht in gebarentaal (NGT)
ÛNDERWRÂLD
moarn draach ik de bernespultsjes,
sjuery foar fersierde weinen, bûn fan jonge
feinten, de man dy’t stroffelet oer de grins
tusken dronken nacht en matinee
de band mei jierren-80-hits, froulju dy’t
as frije fammen út it sicht fan manlju dûnsje
oant stilte ûnferwacht nei middernacht
wreed de betsjoening brekt
ik dimp it roppen, razen, garje glês en
flessen, draach it doarpsfeest trije dagen oant
fantoomfoarm kantich giel neitiid oantsjut
wêr’t op myn fjild de tinte stie
krekt dan wit ik yn my in stille wrâld as
skielk mei kâlde hân winter boppe my it wetter
huverjend ta stilstân set, in souderflier fan
iis oer my hinne leit
fan grien nei brún myn gers rustkje mei yn
rêst, myn oerflak wurdt ta ûnderwrâld, ik my
ta sliepen lis en mins en feest ferjit, troch
myn dream it lûd fan izers sjit