Direkt zum Hauptinhalt
Karte
de

Gedicht: Der gie in snijen | Eeltsje Hettinga

Leeuwarden

Een gedicht van Eeltsje Hettinga, geschreven in het Fries. Dit is een gedicht uit een reeks van gedichten die bij de ijsbanen van de Iisbaankeunstrûte horen.

Hier schon mal ein Vorgeschmack

Mehr Informationen

Beluister hier het gedicht

DER GIE IN SNIJEN

Often to understand, we have to look into emptiness
– Michelangelo Antonioni


Winter line skean tsjin de apelhôven,
liet de mûle in lang swijen,
begjin april, spoaren fan lytse
hoefdieren yn de snie en oer
de mûnier, dêr’t in rûge froast
syn flierren sloech, de rop fan in ûle.
Earne út nacht syn ûnderwâlen wei
kaam in frou, in pear redens
om ’e hals, de ring fan
it lantearneljocht yn en ferdwûn,
in skaad foar har, in skaad achter har,
de iisbaan oer, it tsjuster yn.
Inkeld útsinnige kiel wie ik doe’t
by in hast dierlik oerémisk roppen
ik út myn dreamen wekker skeat
en mysels weromfûn yn de dize
oer de Po-flakten fan Antonioni, dêr’t
in kamera oer de sompen glied.
Ik seach iisblommen op de ruten,
begjin april, sette de ôftiteling
stil by de namme fan Anna.
Winter line skean tsjin de apelhôven,
liet de mûle in lang swijen.
Der gie in snijen, sûnder ophâlden.