Direkt zum Hauptinhalt
Karte
de

Tall Ships Races Harlingen 2022

Harlingen

De Tall Ships Races binne sûnt 1956 in jierliks weromkommend evenemint wêrby’t in hiele mannichte tallships fan oer de hiele wrâld in rûte sile. It evenemint is bedoeld om jongerein ûnder de 25 jier yn de kunde komme te litten mei de see en it silen...

Hier schon mal ein Vorgeschmack

Alle 5-Bilder anzeigen

De Tall Ships Races binne sûnt 1956 in jierliks weromkommend evenemint wêrby’t in hiele mannichte tallships fan oer de hiele wrâld in rûte sile. It evenemint is bedoeld om jongerein ûnder de 25 jier yn de kunde komme te litten mei de see en it silen op tradisjonele skippen. De helte fan de bemanning is dêrom tusken de 15 en 25 jier âld. De rûte giet by fjouwer stêden del: Esbjerg yn Denemarken, Harns yn Fryslân, Antwerpen yn België en Aalborg yn Denemarken. Dizze gastfrije stêden ferwolkomje de skippen en biede in feilige en kulturele haven.

Filmfestival Harns        

Data: 17 oant en mei 19 juny 2022 

Yn it histoaryske Entrepotgebou op de Niije Willemshaven draait in filmprogramma foar alle leeftiden. It jout in foarpriuwke fan de yndrukwekkende Tall Ships Races en set koers nei it nijste filmfestival fan Nederlân. Fan jannewaris 2023 ôf sil nammentlik alle jierren yn de wike fan Blue Monday it filmfestival Harns yn de haven oanspiele. Blue Monday is de tredde moandei fan jannewaris. It begjin fan 'e wike dy’t as tsjusterste en swierste wike oanfielt. It festival bringt ferljochting, mei as tema fansels de seeën en oseanen yn al har fasetten. Fan de skjintme oant har kwetsberens en fan stoere seemansferhalen oant de dynamyk fan havenstêden. Mei spylfilms en dokumintêres, byldzjende keunst en muzyk. Yn oanrin nei de Tall Ships Races Harns 2022 is der dus de foarrinner fan dit filmfestival dat fan takom jier ôf plak fine sil. It tij wachtet op nimmen; lis dêrom jannewaris 2023 fêst yn dyn aginda en lit dy yn juny ynspirearje.

Sail a Future                      

Data: 14 oant en mei 17 july 2022 

Keunstners en bern wurkje gear om de kwetsberens fan seeën en oseanen sichtber te meitsjen. Mei de parade fan de Tall Ships Races sile alle skippen oer de Waadsee nei Harns mei in troch bern beskildere seil. Wapperjend en folblaasd troch de wyn wurde de dreamen sichtber. It binne de dreamen fan bern út de lannen fan komôf fan de machtige tallships en bern út Fryslân, dy’t sa in kleurryk manifest foar de beskerming fan ús seeën útdrage. As de skippen oankaam binne yn Harns, krije de beskildere seilen in twadde libben as tas. Mei de fjouwer festivaldagen fan de Tall Ships Races ûntsteane dizze unike tassen. De opbringst giet nei projekten en organisaasjes dy’t har ynsette foar duorsumens en kwetsbere gebieten dy't troffen binne troch ekologyske rampen.

Entfernung zu Ihrem Standort:

Hier finden Sie Tall Ships Races Harlingen 2022

Nieuwe Willemshaven 5
8862 RZ Harlingen
Route planen

vanaf jouw locatie

Zeige Suchergebnisse